Spring break

De spring break (letterlik: "maitydskoft") is in fakânsje fan ien wike op 'e Amerikaanske universiteiten dy't tradisjoneel om begjin maart hinne falt, mar yn alle gefallen tusken ein febrewaris en begjin april yn. De spring break stiet bekend om 'e lûdroftige fakânsjes, mank geand mei dronkenskip, drugsgebrûk en flechtich seksueel kontakt, dy't jonge studinten hâlde yn waarme baaiplakken as Daytona Beach, Miami Beach, South Beach en Panama City Beach, allegear yn Floarida, en fierders yn South Padre Island yn Teksas, Cancún en Acapulco yn Meksiko en ek wol op Jamaika.

Fan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch oant yn 'e jierren tachtich wie Fort Lauderdale, yn súdlik Floarida, noch it populêrste spring break-fakânsjeoard, mar de ynwenners dêre krigen úteinlik sa har nocht fan 'e skea dy't troch dronken studinten oanrjochte waard, dat de pleatslike autoriteiten yn 1985 ferskate beheinings ynfierde. Fan gefolgen krige Fort Lauderdale yn 1989 noch mar 20.000 spring break-gongers, in ôfname fan 94,3% yn ferliking mei de 350.000 út 1985. Tsjintwurdich binne yn 'e Feriene Steaten Panama City Beach, mei likernôch 300.000 spring break-gongers jiers, en Daytona Beach, mei sa'n 200.000, de wichtichste fakânsjebestimmings yn 'e foarjiersfakânsje. Bûten Floarida is it Teksaanske South Padre Island it populêrst, mei 80.000 oant 120.000 besikers.

Ek yn oare lannen komme spring breaks foar, û.m. yn Kanada, Sina, Súd-Koreä en Japan. Op 'e Kanadeeske universiteiten wurdt dit ferskynsel reading week neamd en falt it tusken ein febrewaris en begjin maart yn. Yn Japan wurdt spring break holden fan 'e ein fan it akademyske jier yn mids maart oant op 1 april it nije akademyske jier begjint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Developed by StudentB